F. van der Lep (Frits) Ferwert
Myn namme is Frits van der Lep, ik bin 61 jier en ik wenje mei myn frou Janna en soan Dirk yn Ferwert. Hikke en tein yn it moaie doarpke Blije; dus in echte Bellefleur, de bynamme fan Blijsters.
Al sûnt jier en dei tige aktyf polityk belutsen yn ús gemeente by Gemeentebelangen, earst yn Ferwerderadiel en no alwer 8 jier yn Noardeast-Fryslân. Tsien jier haw ik as selsstannich rydskoallehâlder yn ús regio wurksum west: in machtich moaie tiid. Op it stuit jou ik al wer tweintich jier les oan opgroeiende pubers yn de leeftiid fan 12 oant 16 jier. Op CSG Comenius yn Ljouwert jou ik Nederlânsk en rekkenjen.
Dêrneist fersoargje ik kursussen foar de Afûk en jou dan mei nammen les oan net-Frysktaligen rûnom yn ús provinsje. Ien fan myn grutte passys is muzyk. Al mear as 50 jier bin ik aktyf yn de hafabra-wrâld, in moaie hobby foar jong en âld. Mei in hiel soad nocht blaas ik op de Esbas by Brassband Excelsior yn Ferwert. Ek spylje ik graach in partijtsje tennis by ús pleatslike tennisklup LTCF.
Op polityk mêd giet myn ynteresse út nei ûnderwiis, ferkear & feilichheid. Ik bin kandidaat om de belangen fan de ynwenners fan de gemeente op in dúdlike en nochtere wize te behertigjen. Ik sjoch út nei in goede gearwurking yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân.
