Pieter L. Braaksma, fractievoorzitter Gemeentebelangen NEF: Begrutting 2020

12 november 2019

Ek woe ik eefkes stilstean by dejinge die op dit stuit hun funksjee net útoefenje kinne sawol foar ús ambtners as riedslid Talsma en ús wethâlder Hanemaaier.

 

Foarsitter, de kompliminten foar it presintearjen foar in slútende begrutting. Hjir foar ús lizze foarstellen moai ferspraad oer ús gemeente die de leefberens fan stêd en doarp ferbetterje sille, dat wolle wy graach stiepe.

 

Foarstellen die at allinich trochgean kinne at wy pittig besúnigje en dan foaral op it sosjaal domein. Dit bart ús wol soargen want wat foar gemeente wolle wy wêze. Yn âld Dongeradiel hantjerren wy in sosjaal economysk belied.

 

De persoan, party, die at tydens de ferkiesings it hurdste ropte dat it allegear better moast komt no mei besúnigingsfoarstellen fan mar leafst 4 miljoen Euro.

 

Foarsitter, doe at ik fannewike  eefkes op it gemeentehûs wie kaam ik ek eefkes by wethâlder de Vries op'e keamer. Hy wie der net, doe tocht ik sa, wat sil san man no yn syn laden bewarje. Út nijsgjirrichens luts ik it boppeste laad iepen fan syn bureau en doe seach ik in grutte seage lizzen. Doe tocht ik wat mat hy no mei in seage. Ja foarsitter, en doe opiens skeat it my troch de holle: dizze wethâlder seaget te poaten ûnder ús sosjaal domein wei. Jo kinne begripe ik ha die seage fansels direkt dêr wei pakt en yn it Djip goait. Mar ik ha der wol wer in nije hammer del lein sadat hy bouwe kin oan in goed en sterk sosjaal domein

 

Foarsitter, wy sille de foarstellen die at dien wurde stiepe mar hâlde de finger oan de pols en komme wer by jo wer werom at docht bliken dat er minsken yn de knel komme.

 

De praktyk is dat it ryk grutte oerskotten hat (11 miljard) en de gemeenten troch al dizze maatregelen gjin fleis mear op' e bonken hawwe. (Dantumadiel)

 

Wy sille mei minder jild toch ús sosiaal belied oerein hâlde moatte. Foarstellen om meardere offertes oan te freegjen, ik freegje my âf werom at dit net jearder dien is, dat hie faaks in protte jild besparre.

 

Skoallen, peuter en sportferienings, mear ynsette op prefentie, gearwurking en foarljochting op skoallen juiche wy ta. Extra oandacht foar pesten, situaasje nei bygelyks in skieding, game gedrag en berne earmoede. It freget skerpe oandacht (zie kinderwens en kinderburgemeester)

 

Gebietstiem, ferdjipping fan mogelykheden en ekspertise fan de meiwurkers fan it gebietstiem binne  tige wolkom. Dit om ôfgryslik djûre projecten te foarkommen. Graach investearrje in  oeren en scholing en kwaliteit foar dizze meiwurkers mei in baan garânsje.

Húshâldelyke hulp, it ynkwoartsjen fan oeren húshâldelyke hulp moat sear soarvuldig barre.

It ynkoartsjen fan 3 nei 2 oeren liket op koarte termyn in besparing te jaan mar kin op langere termyn just tot grutte problemen liede en dêrtroch yn de takomst tot hegere soarchkosten liede.

 

Foarsitter, graach freegje we ek eefkes extra oandacht foar de útwreiding fan de bedriuwen terreinen yn ús gemeente sawol yn Kollumersweach, Dokkum en Hallum.

Is der goed oerliz mei de provinsje en hawwe wy wol minsken om dit op koarte termyn goed út te wurkjen.

 

Foarsitter, lokkich hawwe wy noch ús tafelsilver (Eneco aandelen) en omdat die no wierskynlik ferkocht wurde moate is er in foarstel om in ûntwikkelfûns op te rjochtsjen

Foarsitter, by dit foarstel sille wy in amendement yntsjinje (Sinneweide).

 

Foarsitter, rekreaasje en toerisme wolle wy graach beforderje dus ek it rûntsje Lauwersmar kin op ús stiepe rekenje. Mar by it fêststellen fan de belestingen sille wy in moasje yntsjinje foar de frijstelling fan de toeristen belesting fan bern ûnder de 12 jier.

 

Foarsitter, om € 100.000,- frij te meitsjen foar de DOM 2.0 binne wy flak foar en wy freegje ús ôf at der yn de takomst  hjir misskien noch wat by moat sjoen it tal frijwillegers die yn dizze bestjoeren sitte en hun energy  yn hun doarp stekke wolle.

 

De foarstellen 11, 12 en 13, meidwaan, reïntegraasje en minima ûnderfinings coach, ferwachtsje wy in hiele protte fan,dêr ek ús stipe oan.

 

Dan it keunst gersfjild yn Kollum, dit kinne wy stiepe.

 

Foarstel 10, dizze € 150.000,- wolle wy graach brûke foar it bruisend hart sadat die starte kin en omdat der noch gjin goeie kaders foar ynrjochte bin.

 

Landelijke politiek, kwytschelding AOW norm.

 

Foarsitter, yn it bysûnder woe ik no oandacht freegje foar ús agrarische sector en de bedriuwen die hun wurk hawwe yn de bouw en wei en wetterbouw die konfronteare wurde mei in rammeljend belied op stikstof en PSAF troch ús regering.

 

Mar ek de horeca en de rokers hawwe lêst fan in betutteljend belied fan ús regering.

 

 No at ik hast op myn ein bin woe ik toch myn verwundering eefkes útsprekke nei ús college riedsleden fan SIN. We hawwe in riedsbrede aginda oer biodiversiteit. Dat SIN mient om earst mei in tal moasjes te kommen op dit gebied en dat sy it no yngetten hawwe yn in duorsumensfûns is koarte termijn politiek. Dit soarte fan foarstellen heare út de biodiversiteit kommisje te kommen.

 

No foarsitter, doe't ik toch eefkes oan it strúnen wie op'e keamers fan de wethâlders beloane ik ek op de keamer van wethâlder Behrens. En dêr foen ik ûnder op in stapel formulieren, in cursus oer communikaasje en der stie op'e side mei pen by skreaun: Het is nog niet goed, maar ik ga mijn best doen.

 

Oant safier, foarsitter.

 

 

 

<< Terug naar nieuws